Selstraf yn 'lollypopsaak'

30 mrt 2004 - 00:00

Tolve moannen oant 3,5 jier is de straf dy't de fertochten yn de 'lollypopsaak' krigen ha. De njoggen fertochten, wêrûnder ien frou, wienen belutsen by in binde. Ut Aruba wei smokkelen se snobbersguod mei dêryn cocaïne nei Nederlân.

De binde waard yn septimber oprôle nei't in hûn op Skiphol drugs rûkte yn in pakket snobbersguod. In ferklaaide plysje brocht it pakket by ien yn Ljouwert. Doe kaam alles oan it ljocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)