Selstraf foar swartrider

28 jan 2005 - 09:31

In man út Frjentsjer (21) is troch de rjochter yn Ljouwert feroardiele ta fjouwer wiken selstraf, wêrfan twa ûnder betingst. De man hat twa kear in treinferbod skeind. Dat hie er krige om't er hiel faak trapearre is op swartriden.

De útspraak fan de rjochter is in boppeslach foar justysje, plysje en de iepenbier-ferfiersbedriuwen. Eardere prosessen tsjin swartriders binne troch tal fan oarsaken op neat útrûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)