Selstraf foar grêfstellerij

22 apr 2004 - 00:00

Tsjin twa fertochten fan stellerij op it Noarderbegraafplak yn Ljouwert binne selstraffen easke fan in heal jier en fjouwer moanne. De manlju moasten tongersdei foar de rjochtbank ferskine.

Se hiene yn jannewaris tsientallen koperen stekken fan grêven fuorthelle. It izer ferkochten se en fan 'e opbringst kochten se drank. De skea oan 'e grêven rint yn 'e tsientûzenen euro's.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)