Selstraf foar eardere direkteur fan Sviatoslav

31 mrt 2015 - 13:29
  • Sviatoslav

De eardere direkteur fan de stichting Sviatoslav hat fan de rjochtbank in selstraf oplein krigen fan 18 moannen, wêrfan seis ûnder betingst. De ynwenner fan Skearnegoutum wurdt feroardiele foar it ferlieden fan in 13-jierrich famke út Tadzjikistan, mei it doel om seks mei har te hawwen.

De man mei fan de rjochter gjin kontakt mear mei it famke hawwe. Hy mei ek net mear nei Tadzjikistan reizigje en net mear wurkje mei minderjierrige bern. Tsjin de man wie twa jier selstraf easke, wêrfan seis moannen ûnder betingst.

De feroardielde wie by de behanneling fan de saak net oanwêzich, ek net doe't justysje him dat opdroegen hie. Hy hat yntusken oankundige berop oan te tekenjen tsjin de straf.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)