Selstraf foar bedriigjen en berôvjen prostituee yn Grins

28 jan 2016 - 14:43
  • Justysje

In 54-jierrige man út Wynjewâld hat njoggen moanne selstraf krige, wêrfan seis op betingst. Boppedat moat er him klinysk behannelje litte. De man hie yn Grins in prostituee bedrige en berôve. Hy hie in pear kear by de frou west en tocht dat er in relaasje mei har hie. Doe't er dochs betelje moast, waard de Wynjewâldster agressyf en naam it jild mei. De poaier sette him derút, mar letter joech de man it jild werom.

Fan de stellerij fan in grut jildbedrach út in boerepleats yn Koekange waard de man frijsprutsen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)