Selstraf easke yn XTC-saak

02 mrt 2001 - 00:00

Tsjin in 27-jierrige Belch is trije-enin-healjier selstraf easke. Mei twa oaren waard er yn novimber oanhâlden by in pleats yn Stiens. Se wienen fan doel XTC te produsearjen yn it laboratoarium.

Neffens de plysje soe it om in ynternasjonale drugsbende gean. De rjochtbank yn Ljouwert koe net in dúdlik ferbân lizze tusken de fertochte en de drugsbende. De útspraak is oer twa wiken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)