Selstraf easke tsjin swartrider

18 maaie 2004 - 00:00

Foar de Ljouwerter rjochtbank is twa wike selstraf easke tsjin in man dy't 25 kear sûnder kaartsje mei de trein ried. De man hie al earder in treinferbod krigen, mar luts him dêr neat fan oan. De rjochtsaak is in gefolch fan de ôfspraak tusken NS, Noordned en justysje om swartriderij de kop yn te drukken.

De advokaat fan 'e fertochte tidiget op frijspraak. De útspraak is oer twa wike.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)