Selstraf easke tsjin man fan De Harkema fanwege berneporno

01 apr 2016 - 12:12

Tsjin in man (37) fan De Harkema is freed 15 moanne sel easke, wêrfan fiif ûnder betingst foar it fersprieden en yn besit hawwen fan berneporno. Dat soe er dien ha yn de perioade fan july 2014 oant ein febrewaris ferline jier. De man sammele goed trijehûndert ôfbyldings fan jonge famkes en stjoerde dy ek wer troch.

De plysje kaam de man yn novimber 2014 op it spoar nei in melding út Amearika fia Microsoft. Doe't er yn febrewaris oppakt waard, bekende er fuortendaliks. Yn de rjochtsaak sei de man dat er spyt hat.

De man hat in obsesje en sammelgekte, sa ferklearre er foar de rjochtbank. Hy soe rêstich wurde fan it sjen nei de ôfbyldings. Neist de selstraf easke de offisier dat de man him behannelje lit yn in forensysk psychiatryske klinyk. Oer twa wike wurdt der útspraak dien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)