Selstraf easke tsjin Krystman

14 mrt 2006 - 17:28

Tsjin 'in Krystman' is tiisdei foar de rjochtbank yn Ljouwert fjouwer jier selstraf easke. De man operearre mei in maat dy't ek as Krystman ferklaaid wie. Ein novimber ferline jier oerfoelen se in ynwenner fan De Gordyk yn syn hûs. It 75-jierrige slachtoffer waard skopt, slein en fêstbûn.

De saak tsjin de oare fertochte waard net ynhâldlik behannele. De oerfallers besochten earst it fertrouwen te winnen foar't se geweld brûkten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)