Selstraf easke foar ynbraken

03 jun 2013 - 14:11

Tsjin in 24-jierrige ynwenner fan Harns, dy't fertocht wurdt fan in grut tal ynbraken, is in selstraf fan 2 jier easke. In heal jier derfan is ûnder betingst. Tsjin in twadde fertochte, in 21 jierige Harnzer, is 15 moannen easke.

Beide manlju binne yn febrewaris fan dit jier oanhâlden nei in grut plysje-ûndersyk. Yn Harns en Frjentsjer ûntstie in soad ûnrêst nei in grutte ynbraakgolf. De plysje tinkt mei it oppakken fan de fertochten yn elts gefal in part fan dy ynbraken oplost te hawwen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)