Selstraf easke foar tongtút

13 sep 2013 - 16:31

Tsjin in man fan 37 út Harns is freed foar it hôf yn Ljouwert fjouwer moanne selstraf easke. De man soe yn 2008 yn it MCL yn Ljouwert in skjinmakster in tongtút jûn ha. De man woe de frou fersiere. Foar dizze saak krige de Harnzer earder in wurkstraf, de feroardieling wie doe noch foar ferkrêfting. Yntusken hat de Hege Ried bepaald dat in tongtút gjin ferkrêfting is.

De advokaat fan de man, Tjalling van der Goot, is dan ek ferrast oer de hege eask. Hy wol frijspraak foar de man, ek omdat de frou yngien wêze soe op de fersierpogings.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)