Selsmoard fertochte-Wester

10 apr 2007 - 09:44
  • Finzenis De Blokhúspoarte yn Ljouwert

De man dy't fertocht wurdt fan de moard op Willy Wester fan Ljouwert hat himsels dit wykein tekoart dien. De man siet op fertinking fan moard of deaslach fêst yn de Blokhuispoort yn Ljouwert. Nei it dûsen ûntkaam de man eefkes oan 'e bewakers en sprong er oer in ballustrade.

De fertochte wie de man fan Willy Wester. Hy waard derfan fertocht dat er syn frou fermoarde hie en dêrnei begroeven yn in parkje yn 'e buert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)