Selsdeading yn Fryslân: 12 op de 100.000 ynwenners

10 sep 2015 - 09:44
  • Depresje

It oantal selsmoarden lei yn 2014 yn Fryslân heger as it lanlik gemiddelde. Diene lanlik gemiddeld 10 op de 100.000 minsken harsels tekoart, yn Fryslân is dat hast 12 op de 100.000 ynwenners. Yn Grinslân lei it oantal selsmoarden mei hast 13 op de 100.000 ynwenners it heechst.

Yn 2014 stapten eltse dei 5 Nederlanners bewust út it libben. It oantal selsmoarden wie 1835. Dermei is it oantal in lyts bytsje ôfnaam, yn fergeliking mei eardere jierren. Yn 2013 wiene der noch 1854 selsmoarden.

Dat blykt út sifers fan it Centraal Bureau voor de Statistiek.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)