Selsbetochte nûmerplaat

04 mrt 2014 - 10:03

In 33-jierrige automobilist út de gemeente Menameradiel is moandeitejûn op de Dammeleane yn Ljouwert oanhâlden, omdat er ûnder oare ried mei kentekenplaten mei dêrop in tekst dy't er sels betocht hie. De man woe him ek net legitimearje en hy wegere út de auto te kommen. Neidat de plysje drige in rút yn te slaan, stapte de man dochs mar út.

De auto fan de fertochte is yn beslach naam, omdat dy net fersekere wie. Boppedat wie de APK ferrûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)