Selsbefrediger Froskepôle arrestearre yn Ljouwert

22 maaie 2015 - 11:26

In 36-jierrige Ljouwerter is tongersdeitemoarn oanhâlden. De man 'boarte mei himsels' yn de boskjes op de Froskepôle. Guon minsken seagen dat en warskôgen de plysje.

Op grûn fan it sinjalemint is de man eefkes letter yn de omkriten fan de Froskepôle arrestearre. De man wurdt fêsthâlden op it plysjeburo foar ferhear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)