'Sels natuergebieten ferbine'

15 jan 2014 - 12:49
  • Otter

Agrarysk natuerbehear en inisjativen fan de natuerbehearders sels moatte der foar soargje dat de natuergebieten yn Fryslân dochs mei elkoar ferbûn wurde. Dat seit direkteur Henk de Vries fan It Fryske. Gea. De provinsje makke tiisdei bekend hoefolle nije natoer oft noch oanlein wurdt yn de ekologyske haadstruktuer. It ûnderdiel dat natuergebieten better mei elkoar ferbûn wurde soenen, is neffens De Vries skrast. It ûntbrekken fan dy ferbinings soarget foar knipepunten dêr't in soad otters deariden wurde.

It Fryske Gea besiket dêr no sels wat oan te dwaan. Sa wurdt sjoen nei sa'n feilige ferbining by Gytsjerk. Foar it ferbinen fan natuergebieten wurdt ek sjoen nei boeren. Dy soene troch agrarysk natuerbehear soargje moatte foar de útwikseling fan bisten en planten tusken natuergebieten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)