Sels jo boadskippen ôfrekkenje

07 nov 2003 - 00:00

Sels je boadskippen skanne en ôfrekkenje. Dat kin aanst by de C1000 supermerk yn Surhústerfean. Twa fan de sân kassa's yn de supermerk wurde fuorthelle en ferfongen troch trije saneamde sels-scan-kassa's.

De klant kin sûnder help fan in kassjêre ôfrekkenje mei PIN-pas of kontant jild. Sa giet it boadskipjen flugger. Ek moatte de kassa's yn de takomst foar minder personielskosten soargje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)