Sels flitsfoto opfreegje

11 jan 2011 - 12:17

De plysje fiert in nij systeem yn dêr't partikulieren op ynternet neisjen kinne wannear't en wêr't te hurd riden is. Mei in koade kin op ynternet ynlogd wurde op it boetefolchsysteem. Dêr kin de foto opfrege wurde as de auto flitst wurdt en de datum wannear't de akseptgiro mei de boete yn 'e bus falt.

It systeem jildt foar de trije noardlike provinsjes. It waard tiisdei presintearre yn Grins. Noard-Hollân hat ek al sa'n boetefolchsysteem.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)