'Sels ferfier feilich meitsje'

02 des 2013 - 17:29

De provinsje sjit net tekoart by it beskikber stellen fan jild foar it oanpakken fan geweld yn it iepenbier ferfier. Dat seit wurdfierder Roos Zevenbloem fan Arriva. It bedriuw is sels ferantwurdlik foar it feiliger meitsjen fan de bus of trein en wit yn 't foar foar hoefolle provinsjaal jild oft se dat dwaan moatte. Se reagearret op krityk fan CNV-bestjoerder Anton Meijerman op de provinsje. Hy seit dat de provinsje te min jild beskikber steld hat foar it feiliger meitsjen fan it iepenbier ferfier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)