Sels boek ûntwerpe en uploade by Jongbloed

04 mrt 2015 - 15:24

Skriuwers kinne tenei fergees en gau har boek of e-book publisearje, mei help fan útjouwerij Jongbloed fan It Hearrenfean. Dat hat it platfoarm Jongboek lansearre. Op de webside www.jongboek.nl kinne skriuwers yn sân stappen maklik har boek ûntwerpe en uploade.

Skriuwers krije ek de mooglikheid om it boek te promoatsjen en te ferkeapjen fia de side. Se kinne it allegear sels dwaan, mar Jongbloed wol ek wol helpe, mei bygelyks redaksje- en korreksjewurk en foarmjouwing. Dat kostet wol jild.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)