Selliste krijt jild út fûns

24 jun 2010 - 16:54

De jonge talintfolle selliste Dana de Vries fan Frjentsjer krijt tsientûzen euro fan it Prins Bernhard Cultuurfonds Fryslân. Se kin fan dat jild har stúdzje betelje oan it konservatoarium yn Grins. Dana de Vries hat al twa kear yn de regiofinale fan it Prinses Christina konkoers stien.

Yn 2009 waard se yn de lanlike finale twadde. De bedoeling is dat de selliste oer twa jier oan it konservatoarium yn Parys studearje sil.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)