Seleksje SC Cambuur ferrast mei middei paintball

11 nov 2014 - 18:36

De spilers fan SC Cambuur tochten tiisdei in frije middei te hawwen, mar se waarden ferrast mei wat oars. De folsleine spilersgroep gong te indoor-paintballen yn Let's Paintball yn Ljouwert. De ploech fan trainer Henk de Jong hat twa wiken frij troch de ynterlânwedstriden dy't oranje spylje moat. Dêrom waard der in aktiviteit organissearre om foar teambuilding te soargjen.

De middei wie neffens trainer Henk de Jong in grut súkses. Benaud dat de spilers blessueres oprinne soenen troch de hurde knallen mei it paintballen wie De Jong net.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)