Seleksje foar NK Ofstannen

16 okt 2008 - 22:06
  • Bob de Vries (foto Martin de Jong)

Ein oktober binne de NK Ofstannen foar de reedriders yn Thialf. Dêrfoar kinne de riders har dizze dagen pleatse yn Grins. De grutste ferrassing wie Bob de Vries fan De Haule. Hy wûn de 5000 meter, yn in nij persoanlik rekord. De 500 meter waard wûn troch Stefan Groothuis yn 36.54. Jesper Hospes, Sjoerd de Vries en Sietse Heslinga pleatsten harren ek foar de 500 meter. En dat jilde ek foar de Friezinnen Thijsje Oenema, Anice Das, Mayon Kuipers en Frederika Buwalda.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)