Seleksje Cambuur kompleet

10 jun 2002 - 00:00

Cambuur hat de seleksje foar it nije seizoen al kompleet. De fuotbalklub hat moandei noch twa spilers fêstlein foar de kommende jierren. It giet om Angelo Martha en Martijn Gootjes. Sy wurde tiisdei foarsteld.

Martha (20) is in sintrale ferdigener. Hy hat foar twa jier tekene. Ek foar twa jier tekene Gootjes (23). Hy wie dit seizoen topskoarer by SV Huizen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)