Seldsume noashoarnkrobbe sjoen yn Lauwersmargebiet

24 jul 2015 - 14:54

De seldsume noashoarnkrobbe is sjoen yn it Lauwersmargebiet. Bern kamen by tafal de bysûndere krobbe tsjin op camping Lauwerseach. Om't it sa'n opfallend bistje is, gongen de bern mei de krobbe nei boskwachter Hans Gartner. Dy koe fertelle dat it de noashoarnkrobbe is. Gartner hie noch nea sa'n krobbe sjoen yn Noard-Nederlân. Hy tinkt dat it bistje hjir kaam is yn in frachtwein mei al it frachtferfier.

Eins komt de krobbe allinnich foar yn it suden fan it lân of yn lannen lykas Frankryk en Spanje.

Boskwachter Gartner fan Steatsboskbehear hat it bist frijlitten yn in stik natoer dêr't net in soad minsken komme. De noashoarnkrobbe tanket syn namme oan syn noas, dy't liket op dy fan in noashoarn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)