Seldsume muontsegier by Ferwert

17 jul 2000 - 18:15

In seldsume muontsegier lûkt in soad fûgelspotters út it hiele lân nei Ferwert. De grutte gier mei in spanwiidte fan twa-en-in-heale meter libbet yn Spanje. Ien kear earder is er yn Nederlân sjoen, dat wie yn 1948.

It swartbrune bist komt geregeld yn in greide mei skiep. Guon boeren sitte yn noed oer de lammen. Fûgelleafhawwers besykje in glimp fan de gier op te fangen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)