Seldsume fûgel op Skier

18 sep 2006 - 10:38

By it fûgelringstasjon It Groene Glop op Skiermûntseach is snein in jonge Noarske nachtegaal yn de netten fûn. De seldsume fangst is tekenjend foar it waar fan de ôfrûne dagen.

Troch de hurde eastlike wyn komme trekfûgels sûnder dat se it yn de gaten ha westlik fan de eastlike rûte telâne. Kenners ha it dan oer 'dwaalgasten'. Yn 1987 waard foar it lêst in Noarske nachtegeal fan in ring foarsjoen op Skiermûntseach.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)