Seldsume flinters op Skier

27 maaie 2014 - 12:47
  • De ierdbeiflinter

Op Skiermûntseach binne seldsume flinters fûn wêrûnder de saneamde ierdbeiflinter. Dat meldt natuerbehearder Natuermonuminten. By in grutte ynventarisaasje hawwe frijwilligers, ferspraat oer it hiele eilân, njoggentich ierdbeiflinters fûn. De ierdbeiflinter liket hielendal net op in ierdbei. Hy is in twa sintimeter grut, brún flinterke mei wite stippen.

Der binne ek eksimplaren fan it saneamde 'brúnblauke' fûn dêr't fan tocht waard dat dy net mear op it eilân wienen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)