Seldsume dwerchearn op Flylân

16 okt 2000 - 14:35

Op Flylân is freed de seldsume dwerchearn (dwergarend) oantroffen. It is foar it earst dat de fûgel yn Fryslân sinjalearre is. De earn wie ferswakke en is oerbrocht nei it fûgelasyl yn Oerterp.

De wjukken fan de earn ha in breedte fan in meter. Neffens in meiwurker fan it asyl is it bist nei alle gedachten it paad bjuster rekke op wei nei Afrika.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)