Seldsume dolfyn op Skier

10 mrt 2006 - 20:35

Op Skiermûntseach is in bysûndere dolfyn oanspield. De wytflankdolfyn fan 150 kilo wie al dea doe't er woansdei fûn waard op 'e eastpunt fan it eilân. It giet om in wyfke fan twa meter lang. Noch net earder is op 'e Waadeilannen sa'n soarte dolfyn oanspield. Finer Talsma hat kontakt socht mei de seehûnekresj yn Pieterburen.

De dolfyn is oerbrocht nei Pieterburen foar fierder ûndersyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)