Selde koälysje Menameradiel

11 apr 2014 - 08:04
  • Gemeente Menameradiel

Menameradiel hâldt in koälysje fan Gemeentebelangen, CDA en VVD. De partijen sette de gearwurking fan de ôfrûne fjouwer jier troch. Wol docht it kolleezje dit mei ien wethâlder minder. De kommende fjouwer jier binne der twa wethâlders yn Menameradiel.

Dat wurde Lute Pen (GB) en Arend Dijkstra (CDA). Wethâlder Marten van Asperen (VVD) komt net werom yn it kolleezje. Dat wurdt op 24 april ynstalleard.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)