Sel foar sjit- en stekpartij

16 mrt 2005 - 09:02

De rjochtbank yn Ljouwert hat tiisdei fiif manlju feroardield ta trije jier sel. Se ha belutsen west by in sjit- en stekpartij by it AZC Burmania yn Ljouwert, ferline jier augustus. Omdat net dúdlik wurden is wa't wat dien hat, hat de rjochter har allegear deselde straf oplein. Trije Armeenske broers rekken swier ferwûne by it misdriuw.

Neffens de rjochter is it motyf net dúdlik. Slachtoffers en fertochten jouwe dêr gjin helderheid oer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)