Sel foar seks mei jonge famkes

15 des 2010 - 17:28

Tsjin in man (35) dy't yn Ljouwert seks hân hat mei twa minderjierrige famkes, is in selstraf fan fjouwer jier easke. De famkes, 14 en 15 jier âld, seinen dat se maatskiplike staazje rinne woenen yn de seksyndustry. Ek liigden se oer har leeftiid.

Likegoed fûn de offisier fan justysje dat de man slim de fout yngien is, en dat er net yn 'e fal lokt is troch de famkes. Hy wurdt ek beskuldige fan minskehannel. Oer 14 dagen is útspraak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)