Sel foar poging oerfal winkel

17 aug 2011 - 15:33
  • (argyffoto)

In jonge (19) hat 16 moannen sel krigen mei in proeftiid fan twa jier. Hy hat ferline jier septimber besocht in supermerk yn Ljouwert te oerfallen. De fertochte wie nei de goedere-yngong fan de winkel gien mei in sjaal foar it gesicht. Op dat stuit kaam de plysje deroan en doe is er útnaaid.

Neffens de rjochter wie it dúdlik dat er fan plan wie om de supermerk te beroven. Dêrom hat de jonge selstraf krigen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)