Sel foar besykjen ta deaslach

01 mrt 2011 - 15:48

In 48-jierrige man sûnder fêst wenplak is troch de rjochter feroardiele ta in jier selstraf, wêrfan 4 moanne ûnder betingst, foar besykjen ta deaslach op in plysjeman. De man naaide ferline jier yn Surhústerfean út by in plysjekontrôle.

Doe't er úteinlik op de Warrebosleane oanhâlden waard, fersette de man him tsjin syn oanhâlding. Yn de wrakseling dy't ûntstie knypte er de plysjeman de kiel twa kear ticht. De man wie útnaaid om't er gjin rydbewiis hie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)