Sel foar 2e fertochte Lusanne

07 jul 2004 - 10:21

De 57-jierrige fertochte út Twadde Exloërmond is yn de saak Lusanne van der Gun feroardiele ta 7 moanne selstraf. Dat is gelyk oan de eask. De rjochtbank yn Ljouwert fynt dat de man meiplichtich west hat oan de ûntfiering fan Lusanne, augustus foarich jier.

De man hie, sûnder sels risiko te nimmen, in ein meitsje kinnen oan de ûntfiering, mar die dat net. Hy hat de ûntfierder Simon S. út Ryptsjerk, in freon fan him, sels holpen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)