Sel easke foar oerfal kasino

07 feb 2008 - 21:41
  • De rjochtbank fan Ljouwert

Tsjin de fertochten fan de gewelddiedige oerfal op it kasino fan Balk is tongersdei trije-en-in-heal jier sel easke. De twa manlju út Amsterdam oerfoelen it kasino yn maart ferline jier. Se bedrigen in meiwurkster mei in mes en bûnen har fêst. Se makken 11.000 euro bút.

De fertochten koene oppakt wurde oan de hân fan DNA-materiaal dat fûn wie, die bliken by de rjochtsaak yn Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)