Sel easke foar klûskreakers

26 okt 2012 - 17:33

Fiif fertochten út Guatamala, dy't yn july fan dit jier besochten in klûs te stellen op It Hearrenfean ha fan de rjochtbank yn Ljouwert freed fjouwer moanne selstraf krigen, wêrfan ien moanne op betingst. Tsjin ien fan de mannen wie de útspraak konform de eask. Tsjin de oare fjouwer wie seis moanne selstraf easke. By de klopjacht nei de mannen út Guatamala waard yn july in helikopter ynset en ferskate hûnen. Ien fan de fertochten is doe fuort oanholden yn de buert fan Bant yn de Noardeastpolder.

De oare fjouwer waarden de nacht dêrop sjoen troch in plysje yn boarger en oppakt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)