Sel easke foar hasjsmokkel

17 nov 2009 - 17:02

Tsjin trije fertochten yn in grutte hasjsmokkel binne tiisdei foar de Ljouwerter rjochtbank selstraffen fan 9 oant 15 moanne easke. De trije hiene yn de simmer fan 2007 in partij fan 1600 kilo hasj oan board, ôfkomstich út Marokko. Yn de haven fan Skylge koe de dûane de drugs lykwols ûnderskeppe.

De trije, wêrfan't ien út De Lemmer en ien út Warkum komt, soene mei it transport 30.000 euro fertsjinje. Fiif oare fertochten moatte letter foar de rjochter komme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)