Sel easke foar blokkaderydster

17 apr 2012 - 12:05

Tsjin de 22-jierrige autobestjoerster út Hallum dy't begjin jannewaris op in plysjeblokkade ynriden is, is 26 moanne sel easke. Acht dêrfan binne ûnder betingst. Ek mei se 3 jier net autoride. De frou wie nei in wylde achterfolging yn Aldegea Smellingerlân yn folle gong op twa plysje-auto's ynriden dy't by wize fan blokkade heal op de dyk stiene. De plysjes koene krekt op de tiid oan de kant springe.

De plysje easket 40 tûzen euro fan de frou foar de fernielde plysje-auto's en de beide plysjeminsken elk goed 500 euro foar ymmateriële skea.

De advokaat fan de frou pleitet foar frijspraak, omdat der gjin opset yn it spul west hawwe soe. De útspraak is op 1 maaie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)