Sektor rekkent op moaie simmer

29 jun 2014 - 14:43
  • Hingmattetoerisme

It simmerseizoen liket prima te wurden foar de Fryske toerismesektor, seit Hanita van der Schaaf fan Beleef Friesland. Op alle fronten rinne de boekings en besettings foar yn fergeliking mei 2013. Dat alles te krijen mei it knappe maaitiidswaar. Boatferhierders en ek fakânsjeparken binne tefreden. Ek bûtenlânske toeristen witte Fryslân goed te finen, benammen Dútsers en Belgen.

De kampearsektor bliuwt wat achter. Dat hat te krijen mei de fergrizing fan de toerist dy't nei Fryslân komt. Dy siket mear komfort.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)