Seksuele yntimidaasje learaar

17 jan 2008 - 14:39
  • It Linde College yn Wolvegea

In learaar fan it Linde College yn Wolvegea is op non-aktyf set. Hy soe yn desimber in learlinge seksueel yntimidearre hawwe. Op 'e earste skoaldei nei de krystfakânsje hawwe de heit en mem fan it famke in klacht yntsjinne. De skoalle hat de saak meld by de fertrouwensynspekteur en justysje.

Salang't it ûndersyk rint, mei de dosint net lesjaan op 'e skoalle. De âlden hawwe in brief krige oer de saak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)