Seksueel MSN-kontakt dosint

03 jun 2010 - 15:46
  • Foto: Omrop Fryslân

In dosint fan 'e lokaasje Van Haersmasingel fan skoallemienskip Singelland yn Drachten hat syn wurksemheden dellein. Salang't it ûndersyk duorret, ferskynt er net op skoalle.

De learaar hie in pear moanne seksueel tinte MSN-kontakt mei in learlinge. It famke melde dat by de skoallieding en dy hat har profesjonele help oanbean. De direksje hat de plysje ynskeakele. Kollega's, learlingen en âlden binne op 'e hichte brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)