Seksoanhâldings op De Tynje

29 feb 2008 - 10:09

De plysje hat woansdei by aksjes yn Drachten en De Tynje alve minsken oanholden yn yllegale sekshuzen. By de aksje op De Tynje waarden in 46- jierrige haadfertochte, in sjauffeur, en trije froulju oantroffen.

Yn twa wenten yn Drachten binne in 45- jierrige haadfertochte, in sjauffeur, en fjouwer froulju oanholden. Fan de sân froulju ferbliuwe der seis yllegaal yn Nederlân. It ûndersyk giet de kommende dagen noch fierder.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)