Seksklub Aldeberkeap sletten

19 feb 2004 - 00:00

Seksklub De Huifkar yn Aldeberkeap is troch boargemaster Lesterhuis fan de gemeente Eaststellingwerf sletten. De buorkerij dêr't de seksklub yn sit, foldocht net oan de brânfeiligensfoarskriften.

Dat waard ôfrûne sneon dúdlik by in grutte kontrôle fan de plysje en de brânwacht yn it sekshûs. Ek waarden doe seis yllegale froulju yn de seksklub oantroffen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)