Seizoen Sven Kramer foarby

22 nov 2010 - 19:06
  • De gouden 5 km Sven fan Vancouver

Reedrider Sven Kramer komt dit seizoen net mear yn aksje. Kramer, thúskaam fan in trainingskamp yn Súd-Afrika, hat in blessuere oan syn rjochterskonk. "It sit oan de binnenkant fan de knibbel", sei de Europeesk en wrâldkampioen. "By it ôfsetten ha 'k der hinder fan en dêrom kin ik net goed traine."

Sven Kramer liet it begjin fan it seizoen ek al him foarbygean. Hy wie noch net klear om de kompetysje oan te gean en woe ek minder wedstriden ride.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)