Seizoen Sulejmani sit derop

30 apr 2008 - 08:58
  • Foar Sulejmani sit it seizoen derop (foto Martin de Jong)

De Sportclub Hearrenfean kin yn de striid om Europeesk fuotbal gjin berop mear dwaan op Miralem Sulejmani. De jonge Serviër hat tefolle lêst fan in blessuere oan de knibbel. Hy sil ynkoarten ûnder it mes.

Gertjan Verbeek hie tiisdei gjin goed gefoel nei de trening. Syn taktysk striidplan soe net goed oanslein wêze by de seleksje. "As we sa tsjin Ajax spylje, kinne we it wol ferjitte. Sels de reserves wiene ús de baas."

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)