Seizoen klear foar Finnbogason

08 maaie 2014 - 17:51

It seizoen fan oanfaller Alfred Finnbogason sit derop. De topskoarder fan Sportklup Hearrenfean rekke woansdei blessearre oan syn knibbel yn de útwedstriid tsjin AZ. De Yslanner sil freed foar in MRI-scan nei it sikehûs om te sjen hoe slim de blessuere is. Mar no is al wis dat er sneon net yn aksje komme sil yn de thúswedstriid tsjin de Alkmaarders.

Ek Marten de Roon moat de wedstriid misse, hy hat lêst fan syn hamstring.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)