Seizoen foarby foar Weening

08 okt 2013 - 19:23
  • Pieter Weening

It seizoen is oer foar hurdfytser Pieter Weening fan De Harkema. Weening hat him snein by in fal yn de Ronde fan Lombardije blessearre. De Harkemaster soe takom freed fan start gean yn de Ronde fan Peking, mar hy hat noch tefolle lêst en moat it rêstichoan dwaan.

Jens Mouris is de ferfanger fan Weening yn Sina.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)