Seizoen foarby foar ONS

05 maaie 2012 - 16:53
  • ONS Snits

ONS Snits hat sneon yn blessueretiid mei 1-0 ferlern fan CSV Apeldoorn. Jurjen Bosch wie nei in heal oere spyljen ticht by de iepeningstreffer, mar seach syn skot belânjen op de fûsten fan de CSV-doelman. Dyselde Bosch krige fuort dêrnei de opleine kâns fan de 11 meter-stip ôf, mar dit kear waard syn skot keard troch de peal.

Yn de twadde helte krigen de Snitsers ek in soad grutte kânsen op de 1-0, mar de winnende treffer bleau út. Yn blessueretiid foel dan dochs de goal oan de kant fan de thúsploech. In grutte domper foar de Snitsers.

Troch it ferlies falt definityf it doek foar de titelaspiraasjes fan de Snitsers. It seizoen liket dêrmei lyk as foarich jier út te gean as in nachtpitsje.

Drachtster Boys gong yn Ermelo mei 4-0 ûnderút tsjin de nûmer 6 DVS '33.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)